Brân yn fersoargingshûs Boalsert gau ûnder kontrôle

Der hat brân west yn fersoargingshûs Huylckenstein yn Boalsert. It soe gean om in keamer op de ûnderste ferdjipping. Der is gjinien ferwûne rekke. Der is wol skea oan de keamer dêr't de brân wie.
Huylckestein © Google Street View
It fersoargingstehûs is net ûntromme, omdat de brân him beheinde ta ien keamer. Foar de bestriding fan de brân wiene meardere korpsen oproppen.
De brân is yntusken ûnder kontrôle.