Undersiken nei stekpartij De Westereen en hoteloerfal It Hearrenfean noch net klear

13 nov 2019 - 13:48

De oarsaak fan de stekpartij op it treinstasjon fan De Westereen fan moandei leit yn de relasjonele sfear. Dat meldt de plysje nei ûndersyk.

Foto: Kappers Media

By de stekpartij rekke in frou ferwûne, in 29-jierrige man koe al gau oanhâlden wurde as de dieder. De rjochter bepaalt ynkoarten of de man langer fêstsitten bliuwt. It plysje-ûndersyk giet noch fierder.

Bylden fan it stasjon De Westereen en in ferklearring fan de plysje dyselde moandei:

Oerfal hotel It Hearrenfean

Ek it ûndersyk nei de oerfal op in hotel op It Hearrenfean giet fierder. Dy oerfal wie moandeitemoarn betiid. Dêrby easke de dieder ûnder bedriging mei in mes jild fan in meiwurker fan it hotel. Neidat er dat krigen hie naaide de dieder út. Dy dieder is noch net fûn troch de plysje.

Bylden fan it hotel en de reaksje fan de plysje moandei:

(advertinsje)
(advertinsje)