Ferminderje wurkstress mei dizze fiif tips

13 nov 2019 - 13:41

Dizze wike is it de wike fan de wurkstress. Fansels hat elkenien wolris stress fan it wurk, mar foar in protte minsken is dy stress sa grut dat it ta problemen liedt. Ut de Nationale Enquête Arbeidsomstandigheden die sels bliken dat 37 persint fan it wurkrelatearre fersom komt troch wurkstress.

Foto: ANP

It docht bliken dat hoe mear autonomy oft minsken hawwe, hoe mear druk oft se oankinne. Dat betsjut dat minsken dy't minder autonomy yn it wurk hawwe, earder wurkstress ha. Wittenskipper Robbert Coenmans tinkt dan ek dat wannear't der mear technology en mear burokrasy op de wurkflier is, dat de wurkstress dan tanimt, want je wurde mear yn 'e gaten hâlden en je hawwe dus minder autonomy.

Mar wat kinne je dan dwaan om wurkstress te ferminderjen? Wy setten wat tips foar dy op in rychje:

Soargje foar in goede balâns tusken spanning en ûntspanning

It is wichtich datst ynspanning ôfwikselest mei ûntspanning. It is net goed om hieltyd mar mei dyn wurk dwaande te wêzen. Soargje der bygelyks foar datst net skoft hâldst by dyn buro. Dus yt dyn bôle op yn de kantine of better noch, yt it bûten op! Fan sinneljocht sakket it stressnivo en krije minsken in lokkiger gefoel. In stikje rinne docht ek wûnderen om de sinnen efkes te fersetten. Fierder kinst efkes wat yogaoefeningen dwaan of nei ûntspannende muzyk lústerje.

Stel dyn eigen grinzen

Op de wurkflier wolst dy fansels fan dyn bêste kant sjen litte. Dochs is it wichtich om net oeral 'ja' op te sizzen. Lis dysels net te folle druk op de skouders troch alle opdrachten oan te nimmen. Sis dus ek ris 'nee' of ferdiel dyn taak ûnder meardere minsken. Stel helbere doelen sadatst dêr net te folle stress fan krijst. En as it dy te drok yn 'e holle wurdt, nim dan efkes skoft, al is it mar in pear minuten.

Beweech en yt de goede dingen

Beweging is goed foar it lichem, mar ek foar dyn geastlike tastân. Ast eltse dei in heal oere beweechst, dan kinst al better omgean mei de druk fan dyn wurk. Ek is it wichtich datst goed ytst en drinkst. Mei kofje en alkohol dochst it bêst foarsichtich oan. Tee wurket ûntspannend en kinst dus wol drinke. Ek it iten fan in bytsje sûkelade helpt tsjin de stress, lykas it kauje op kaugom.

Oare minsken mei stress mije

Minsken kinne de emoasjes fan oaren yn de omjouwing oernimme. Minsken mei in protte stress kinne dy stress dus oerbringe op oare minsken. Bliuw dus by dy minsken út 'e buert. Oarsom wurket it ek: kâlde kikkerts kinne derfoar soargje dat it stressnivo by dy ek omleech giet.

Slút dy thús ôf fan wurk

As it wurk dien is, moatst eins net mear mei it wurk dwaande wêze. Set dyn wurktelefoan thús út en sjoch ek net mear nei de wurkmail. Doch nei dyn wurk dingen dy'tst leuk fynst. Ek is it in goede saak datst foldwaande sliep pakst. Troch in goede nachtrêst kinst better mei problemen omgean. Foar it lichem is in fêst sliepritme it bêste. Besykje dus op in fêste tiid op bêd en fan bêd ôf te gean.

(advertinsje)
(advertinsje)