It ferhaal fan Lourdes op It Amelân

13 nov 2019 - 13:39

Omrop Fryslân stiet dizze wike wiidweidich stil by de ferhalejûn fan freed 15 novimber. Ferline jier wie it ien fan de ûnderdielen fan de iepening fan it Kulturele Haadstêd-jier en it krijt no in ferfolch. Op mear as hûndert plakken troch de hiele provinsje hinne wurde der ferhalen ferteld: by minsken thús, by bedriuwen, yn de hoareka en yn musea. Dizze dei stiet it ferhaal fan Lourdes op It Amelân sintraal.

De fjoertoer op It Amelân - Foto: Omrop Fryslân

It ferhaal fan Lourdes op It Amelân giet oer de stoarmnacht fan 19 op 20 maart 2007. Doe spielde der 600 kúb hout oan op it strân. By Peal 21 seach it swart fan de minsken nei de oprop: Hout op strân!

Minsken mei fysike klachten, dy't kwealik noch yn it doarp te sjen wiene, rûnen op it strân en sjouden mei hout. Pasjinten dy't moarns noch by de dokter yn de wachtkeamer sieten mei rêchklachten, spit en seare knibbels koene middeis as in ljip hiele einen rinne nei it hout ta. De dokter sei: it liket Lourdes wol!

Selma Dubbeld fan Hollum sil oer it ferhaal fertelle op de ferhalejûn fan freed.

Lourdes op It Amelân

De ferhalejûn is freed troch de hiele provinsje te belibjen, mar op It Amelân wurdt der in hiel ferhalewykein oan fêst plakt: it Waddenvertelfestival. Fan Skylge, Teksel en Skier komme fertellers yn it eigen dialekt om ferhalen te fertellen yn de fjouwer doarpen.

(advertinsje)
(advertinsje)