Waadhoeke ropt húsfesters op foar 'Bed voor bed'-regeling

Húsfesters fan arbeidsmigranten dy't op it stuit noch net foldogge oan it húsfêstingsbelied fan de gemeente Waadhoeke kinne harren melde by de gemeente. Sa wol Waadhoeke sjen hoe't de húsfesters ynkoarten wol neffens de regels wurkje kinne.
It gemeentehûs fan Waadhoeke © Google Street View
Om't de wenplakken fan de arbeidsmigranten binnen de Waadhoeke net altiten foldogge oan de lanlike wet- en regeljouwing op it gebied fan húsfesting, is de gemeente mei in nij belied op it gebiet fan húsfêsting kommen. Dat moat mear ûnwinsklike situaasjes foar arbeidsmigranten foarkomme.

Nij belied

De saneamde 'Bed voor Bed'-regeling is ûnderdiel fan dit nije húsfêstingsbelied. Gemeente Waadhoeke wol yn petear mei de húsfesters dy't noch net oan it nije belied foldogge, om te sjen op hokker wize de gemeente mei oplossingen komme kin. Yn guon gefallen hâldt de 'Bed voor bed'-regeling yn dat de gemeente nije wenplakken siket foar de arbeidsmigranten.

Húsfesters meie harren foar 1 jannewaris by de gemeente melde.