Haaddosint bistefoer ferwachtet net folle effekt fan ensym yn kowefretten

13 nov 2019 - 12:30

Ensimen taheakje oan kowefretten sil nei alle gedachten net foar in grutte stikstofreduksje soargje. Dat seit Jan Dykstra fan de lânbou-universiteit Wageningen. It taheakjen fan ensimen oan kowefretten is ien fan de maatregels fan it kabinet tsjin de stikstofútstjit.

Foto: Omrop Fryslân

Dykstra is haaddosint Diervoeding en belutsen by ûndersyk op de Dairy Campus nei de reduksje fan metaanútstjit by kij. Dat ûndersyk is dizze wike begûn.

Kij ite hast gjin setmoal

It taheakjen fan ensimen oan kowefoer is noch noait yn Nederlân ûndersocht, mar Dykstra hat dêr gjin grutte ferwachtingen fan. It ensym hat benammen effekt op setmoal en de measte kij yn Nederlân krije net folle setmoal. "Bovendien mag het zetmeelenzym alleen worden gegeven aan koeien in de eerste honderd dagen na het afkalven", seit Dijkstra.

Om it ensym ek op de merk krijen foar alle oare kij is tastimming nedich fan de Europeeske Autoriteit foar Itensfeiligens. Dy proseduere duorret samar in jier.

Better minder aaiwyt

Dykstra sjocht folle mear yn oare maatregels lykas de kij minder aaiwyt fuorje en de kij faker en langer bûtendoar rinne litte. Wat neffens Dykstra ek helpe kin by it beheinen fan de stikstofútstjit is it taheakjen fan wetter oan jarre, foardat it útriden wurdt.

De lânbou-universiteit is yn prinsipe graach ree om fierder ûndersyk nei it effekt fan it ensym yn kowefretten te dwaan. "Er is nu alleen buitenlands onderzoek beschikbaar en dat gaat eigenlijk niet eens zozeer over stikstof en ammoniakuitstoot. Er zijn nu nog geen gegevens over wat enzym in de Nederlandse situatie doet."

Jan Dykstra fan 'e lânbou-universiteit

Foto: Omrop Fryslân
(advertinsje)
(advertinsje)