Fryske Panda's ôflevering twa: seldsume poddestuollen

Yn ús natuerrige Fryske Panda's stean yn ôflevering twa poddestuollen sintraal; hiel seldsume poddestuollen. As je it hawwe oer soarten dêr't net in soad mear fan binne lykas Panda's, kinne je dizze saneamde wasplaten mei rjocht Fryske Panda's neame. Wrâldwiid steane der hieltyd mear soarten op útstjerren; planten, ynsekten en bisten. En dat giet ek net oan Fryslân foarby.
Poddestuollen
Yn de rige Fryske Panda's sykje wy alle moannen in nijsgjirrige mar bedrige soart op, yn oparbeidzjen mei Staatsbosbeheer: foardat it te let is! Sjoch ek nei ôflevering ien, oer de Dûkelpjut yn de Sweager Mieden.