Ministearje oefenet mei bommen op de Vliehors

Nederlânske F-16's oefenje begjin desimber mei it smiten fan bommen op de oefenlokaasje Vliehors op Flylân. De bommen ha in eksplosive lading. De F-16's komme fan fleanbasis Volkel.
In F-16 © Shutterstock.com
De Vliehors is in wichtich oefengebiet foar Nederlânske en bûtenlânske fleaners. It sjitterrein is op it meast westlike diel fan Flylân en is sa'n 17 kante kilometer. Op it eilân lizze doelen foar de fleantugen. By de oefeningen is de Vliehors ticht foar publyk.
Der komme posten om te mjitten hoefolle lûd oft der frijkomt by de oefeningen. Dy oefeningen binne fan moandei 2 desimber oant en mei freed 6 desimber. Moandei, tiisdei en tongersdei moarns en middeis, de freed allinnich moarns.