Sipke Hoekstra folget wethâlder Ter Keurs op yn Smellingerlân

13 nov 2019 - 11:14

De VVD yn Smellingerlân draacht de 63-jierrige Sipke Hoekstra foar as nije wethâlder. Hy moat Eric ter Keurs opfolgje, dy't ein septimber opstapte.

Foto: Gemeente Smellingerlân

Ter Keurs die dat omdat er it himsels net ferjaan koe dat er yn it iepenbier krityk levere hie op it amtlik apparaat.

Sipke Hoekstra sit al in tal jierren foar de VVD yn de gemeenterie fan Smellingerlân en is op dit stuit fraksjefoarsitter. Hy sil de funksje yn dieltiid dwaan.

(advertinsje)
(advertinsje)