NS en ProRail wolle jild foar spoar; Ljouwert-Rânestêd moat rapper wurde

13 nov 2019 - 10:58

It kabinet soe tweintich miljard stekke moatte yn it spoar. Dat fine de NS en spoarbehearder ProRail. Dat jild soe ûnder oare gean moatte nei in rappere ferbining tusken it noarden en de Rânestêd, sa seit in ProRail-direkteur woansdei yn it Algemeen Dagblad.

Treinperron yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Dat de NS en ProRail no jild freegje komt ek troch de stikstofproblematyk. Troch bettere ferbiningen soene reizgers earder foar de duorsume trein kieze, yn stee foar de auto, sa tinkt de ProRail-direkteur. "Door te investeren in betere trein- en OV-verbindingen wordt het voor mensen nóg aantrekkelijker te kiezen voor een duurzame wijze van vervoer in plaats van achteraan de file aan te sluiten," seit ProRail-direksjelid Hans van Leeuwen.

Dêrneist komt minister Wopke Hoekstra fan Finânsjes mei in ynvestearringsfûns foar in projekten dy't de ekonomy op lange termyn sterker meitsje.

Trefwurden: 
Ljouwert NS ProRail
(advertinsje)
(advertinsje)