Ien man ferwûne nei wer in bedriuwsûngelok op It Hearrenfean

13 nov 2019 - 10:40

By in bedriuweterrein op It Hearrenfean hat opnij in bedriuwsûngelok west. Dêrby is ien man ferwûne rekke oan syn gesicht. Twa ambulânses, in traumahelikopter en ferskate plysjes binne op it plak fan it ûngelok op it bedriuweterrein Kanaal.

Foto: CAMJO media / Jaring Rispens

Neffens Google Maps giet it om metaalbewurkingsbedriuw Straco, oan It Dok. Der like wat misgien te wêzen by it ferfieren fan in metalen konstruksje mei in heftruck. De man is nei it sikehûs brocht. De arbeidsynspeksje docht ûndersyk nei it foarfal.

In wike lyn wie der op It Hearrenfean ek al in slim bedriuwsûngelok, rjocht tsjinoer it bedriuw dêr't no wat oan de hân is. In wike lyn kaam in kraanmasinist om it libben.

(advertinsje)
(advertinsje)