Koen bestriidt boskbrân Australië: "Alsof er een enorme trein op je af komt"

13 nov 2019 - 10:39

It wie in ridlike dei, fertelt Park Ranger Koen Dijkstra fan Drachten woansdei fanút Australië. Hy is al moannen yn it spier om mei kollega-boskwachters de brannen yn de Australyske natuer ûnder kontrôle te krijen. Dijkstra komt fan Drachten en wurket no yn Glen Innes, yn New South Wales. Dat gebiet hat al sûnt augustus te krijen mei brannen.

De regio dêr't Dijkstra wurket hat al trije jier lang te krijen mei ekstreme drûchte. "Er hoeft maar één vonkje bij te komen, en dan is het mis." En it is op dit stuit goed mis yn New South Wales, grutte stikken natuer steane yn de brân. Foar Dijkstra betsjut dit as Park Ranger in troperoaster. "Ik ben vanaf 18 augustus al bezig met de branden: drie dagen werken, één dag vrij, drie dagen werken, twee dagen vrij."

Gemiddeld wurket de âld-Drachtster fjirtjin of fyftjin oeren deis. It hurde wurk fan de Rangers hat lykwols net foarkomme kind dat yn New England in opperflakte sa grut as Fryslân yn flammen opgien is.

Helptroepen

Australië hat wol faker te krijen mei natuerbrannen. It lân leit op it súdlik healrûn, en makket him dus no op foar de simmer. Dochs binne de brannen fan no in útsûndering. "Oude mensen vertellen ook dat dit het ergste is wat ze ooit hier hebben gezien", fertelt Dijkstra. Hy en syn kollega's krije dan ek help fan brânwachtminsken út it hiele lân, en fan in soad frijwilligers.

Wurkje mei grut materieel

De Park Rangers wurkje gewoanwei mei auto's dêr't in tank fan sa'n 500 liter wetter op kin, mar by dizze brannen wurde ek helikopters ynset, dy't mei grutte bakken wetter besykje it fjoer út te meitsjen. "Dat is vrij extreem en gevaarlijk werk", leit Dijkstra út. Mar hy krijt der ek wol wer enerzjy fan: "Als je zo'n brandje klein kan houden, kan dat heel veel geld en natuur redden."

It ekstreme wurk soarget der ek foar dat de brannen Dijkstra emosjoneel in stik hurder reitsje as dat er yn it foar tocht hie. "Als Park Ranger ben ik vaak in de bush, en ben ik minder met mensen bezig, maar nu is het zo erg dat ik mensen heb moeten helpen. Sommige mensen willen hun huis verdedigen, maar dat kan niet. Mensen snappen niet hoe snel een bosbrand bij hun kan zijn. Het is alsof er een enorme trein op je afkomt."

Min waar op komst

Dat woansdei in bettere dei wie betsjut net fuortendaliks dat it de goeie kant op giet mei de brannen. "Gister was catastrofaal, het verandert per dag. Er zijn hier verschillende categorieën van gevaar, afhankelijk van de wind en de luchtvochtigheid." Alles is ôfhinklik fan it waar, en de brannen sille net útgean foar't der in goed soad rein falt. "Aan het einde van het weekend is er weer slecht weer voorspeld: een westelijke droge wind." Oant dy tiid wurdt besocht om mei bulldozer in paad te meitsjen tusken de brannen, om sa it fjoer mei fjoer te bestriden.

Harkje nei in wiidweidich petear mei Koen Dijkstra

Nei in lange wurkdei is it tiid om ôf te kuoljen - Foto: Koen Dijkstra
(advertinsje)
(advertinsje)