Kollum: "Balâns"

"Earste Keamerlid Joop Atsma ramde sneon as in trekker troch it CDA- kongres. It gefolch wie dat it wurdsje 'belangrijker' ferfongen waard troch 'in balans'. Joop, dy't ea as steatssekretaris op deselde wize de foar it Waad bestimde miljoenen telâne komme liet yn de binnenstêd fan Den Helder of it tsjerkje fan Penjum, koe tefreden nei Surhústerfean werom. De byldfoarming doogde wer, it CDA wie wer boerepartij.
© Omrop Fryslân
De toan fan Eelke Lok
De wittenskippers fan it CDA stiene yn harren himd. In wittenskipper fan it CDA mei nammentlik net opskriuwe hoe't it krekt sit, mar inkeld mei konklúzjes komme dy't stroke mei de politike line fan de partij. En as se dy line net fine kinne, binne se ûnnoazel. Seine Joop Atsma, en al dy oare trekkers dêr. Europarlemintariër Annie Schreijer-Pierik makke noch mear leven as Joop en waard keninginne yn de Telegraaf. Yn de Volkskrante waarden Joop en Annie lykwols dom neamd. No, dan kies ik mar foar it wurd koartsichtich. Oars hâldt kollumkollega Ferdinand de Jong op fan harkjen.
By de Fedde Schurerlêzing sneon wie nimmen koartsichtich. Natuerprofessor Theunis Piersma hâlde dêr syn wittenskiplik ferhaal. Dat kinne we. Sýn namme komt yn de Telegraaf net mear foar. Boer Pieter van der Valk, dy't ek noch grutter en mear produsearjend wurde wol, wie it wol wat mei Piersma iens: de suvelprodusinten hawwe it lân sadanich misbrûke litten foar produksjeferheging, dat it him no tsjin ús keart. En al dy oerheden, mei hast altyd it CDA deryn, hawwe dêr nea wat oan en tsjin dien. Mei as gefolch it gesoademiter wat we no allegearre hawwe.
De konklúzjes yn de diskusjes yn de ôfrûne 20, 30 jier oer dit ûnderwerp wiene altyd: de konsumint moat mear betelje wolle foar de molke. Dan laken de grutwinkelbedriuwen har stikken en hellen goedkeape molke út Dútslân. Wy, konsuminten, kochten en keapje dat goedkeape Dútse pak. Oars kinne we Netflix ommers net betelje.
Oerheden hiene fansels al lang yngripe moatten. As je wolle dat je allegearre bioboeren krije, ek al neame je dy no kringloopboeren, soargje dan ek dat de prizen gelyk binne. As se dat foar oalje, gas en sigaretten wol foarinoar krije, dan moat it dochs mei molke en ierappels ek kinne? Mar wat dogge se? Se feroarje de wurdsjes. Dan kinne se wer alle kanten út. As we in minister-presidint hawwe dy't seit him net herinnerje te kinnen oft hy doe en doe al wist dat we 70 ûnskuldige lju deasketten hawwe, dan witte jimme dat sokke oerheden inkeld mar yn wurden tinke. Net yn dieden.
Sis net dat we it hjir yn Fryslân better dogge. Ik sil al dy Noard-Hollânske boeren, dy't o sa graach Fryske boer wurde wolle, mar efkes warskôgje. It liket wol wakker moai dat de Fryske oerheid it ferdomt om ek mar in proef te dwaan yn it feangreidegebiet om it wetter tsien sintimeter heger te bringen, al sizze wittenskippers dat soks nedich is. Dogge we net, we binne der foar de boeren. It CDA seit dat foldwaande is dat op papier stiet dat je miskien ea in proef dwaan kinne soene. Mar se fertutearzje de hiele feangreide yntusken sadat der aanst net mear in boer buorkje kin en dat we tweintich jier fan koalsied libje moatte.
Dat jildt trouwens ek foar de oare kant fan it ferhaal. We dogge neat mei it ferhaal dat oar feefoer foar minder stikstof soargje kin. We ûndersykje it net iens. En we gean mei in fleantúchje de loft yn om te ûndersykjen as we hjir yn Fryslân echt likefolle stikstof produsearje as de rest fan it lân. En as dat net sa is, kin der noch mear Fryske flachjes op de trekkers. Mei ferbetterings binne we net dwaande. De snelheden op provinsjale en gemeentlike diken kinne dochs hjoed al oanpast wurde, jimme hoege dochs net op Rutte syn skytskoarjen te wachtsjen. Dy komt aanst mei in bak fol heale maatregels en holle wurden.
De lêste tsien jier kamen der allegearre al lûden út de Fryske mienskip dy't no mei haadletters yn de lanlike media steane. De Fryske oerheid hat sein it te begripen. Mar nea echt yngrepen. "We sille der nochris nei sjen", seine se hieltyd. Want dan bleau it CDA yn alle gefallen 'yn balâns'."