Nij belied foar bedriuwen yn Fryslân oangeande stankoerlêst

De provinsje hat nije regels makke foar bedriuwen yn Fryslân dy't besteande oerlêst troch bygelyks nuvere luchten werombringe moatte en takomstige problemen foarkomme moatte.
Noas © Shutterstock.com
De tastiene noarm moat foar elts bedriuw yn de fergunning komme te stean. De FUMO, de Fryske Utfieringstsjinst Miljeu en Omjouwing, moat soargje foar de hanthavenjen.
Deputearre Douwe Hoogland seit dat eltse situaasje unyk is en dat oerlêst troch nuvere lucht yn in wenwyk in oare oanpak freget as op in yndustryterrein. Om in sa breed mooglik draachflak te krijen, hat de provinsje alle gemeenten belutsen by it meitsjen fan it nije belied.