Wiidweidigere ladinglist MSC Zoe nimt ûndúdlikens net wei

In ladinglist fan de MSC Zoe mei mear details dêr't Rykswettersteat al sûnt febrewaris mei wurket, wurdt woansdei iepenbier makke troch Omrop Fryslân en RTV-Noord. De omroppen hawwe de list krigen fan Rykswettersteat nei in berop op de Wet Iepenbierheid Bestjoer. De list is hjir yn te sjen: Ladinglist MSC Zoe
Nije útgebreidere ladinglist MSC Zoe bliuwt fragen oproppen
Foar it gearstallen fan de list moast Rykswettersteat om tafel mei ferfierders dy't mear details hawwe oer wat yn de konteners siet. Der is gjin wetlike ferplichting om datsoarte fan gegevens te oerlangjen oan de tsjinst. Mar sels mei dy ynformaasje derby bliuwt der in soad ûndúdlikens as it giet om de ynhâld fan konteners dêr't gjin gefaarlike stoffen yn sitte.
Minister Van Nieuwenhuizen wol besjen oft dat yn de takomst better kin en dêroer yn oerlis mei de sektor. De Waadferiening fynt dat it better moat en stiet oan op maatregels wêrby't bygelyks privacy-wetjouwing it iepenbiermeitsjen fan mear ynformaasje net yn it paad sit.

Strangere maatregels

"Je kunt wel in overleg met de sector, maar je kan zelf ook bedenken wat je nodig hebt om bijvoorbeeld goed te kunnen claimen. Dan zit je niet met dit soort catastrofes waarbij er nog bijna 800 ton rotzooi in zee ligt en je bijna een jaar later nog twee miljoen euro aan claims hebt uitstaan. Dan kan je dat voorkomen en sneller afhandelen", seit Ellen Kuipers fan de Waadferiening. Ek soene der ynternasjonaal strangere regels komme moatte. Soks soe ek ûndúdlikheid oer skea en oanspraaklikheid weinimme lykas no bart mei de oanspielde plestik kerrels.
© Anton Kappers
Omrop Fryslân en RTV Noord hawwe ein oktober fan Rijkswaterstaat in nije ladinglist krigen. Al earder krigen sy in ladinglist mei frij algemiene omskriuwingen fan de ynhâld fan de ferlerne konteners fan de MSC Zoe. De omroppen hawwe dêrnei yn petearen mei juristen en wurdfierders fan Rijkswaterstaat dúdlik makke dat sy de ynformaasje noch te faach fûnen en mear details woene. Op de nije list hat de tsjinst in kolom tafoege, de fyfde kolom yn it dokumint, mei spesifikere ynformaasje dy't de ferfierders oan Rijkswaterstaat levere hawwe. Yn guon gefallen makket dit de saken dúdliker, mar yn in soad gefallen ek net.
73 fan de 342 konteners hawwe op de nije list presys deselde omskriuwing as op de earste list. In foarbyld fan sa'n kontener is nûmer 45; yn beide kolommen steat op de list allinnich 'Material for LCD TV'.

Tsjinstelde omskriuwingen

Ek binne der 27 konteners dy't letterlik in oare omskriuwing krigen hawwe op de nije list. Hjirfan is in foarbyld kontener nûmer 74, dy't neffens de earste list 'handtools' hat en neffens de nije list 'long sleeve blouses'. In kontener dy't opfalt yn dizze kategory is kontener nûmer 156, tegearre mei de kontener dy't perokside ferfierde, ien fan de twa gefaarlike konteners. Yn de omskriuwing yn de âlde list stiet 'batteries', mar yn de nije kolom wurdt de ynhâld omskreaun as 'bicycle parts'. Hjir soene fansels ek batterijen ûnder falle kinne, mar it is nuver te neamen dat krekt in spesifikere beskriuwing eins folle breder is.
171 konteners hawwe in nije omskriuwing krigen dy't yndie wat dúdliker is, lykas kontener 16. Dêr stiet yn de fjirde kolom in frij algemiene omskriuwing 'household goods', en yn de nije kolom 'laundry baskets'. Mar nearne stiet by hoefolle items it eins binne. Of der dus socht wurde moat nei 10 of 300 waskkuorren.

Allinnich begryplik foar eksperts

Dan binne der ta beslút noch 71 konteners dy't yndie in spesifisearring krigen hawwe, mar dy't allinnich foar eksperts te begripen binne. Sa is der bygelyks kontener 161. Neffens de earste omskriuwing sit hjiryn 'Electronics, electronic appliances, audio, video equipment, telecommunication equipment, new'. Yn de nije omskriuwing stiet in tekst dy't tinken docht oan in searjenûmer: 'ESD-160S VE 01416-3050/ASSY TOP'. Mooglik is allinnich foar in kenner fan soksoarte apparatuer helder wat der yn dizze kontener siet. De fraach bliuwt oft dit foar in berger ek dúdlik is.