Jongereinôfdieling VVD Ljouwert tsjin gniisgasferbod

12 nov 2019 - 22:46

De jongereinôfdieling fan de VVD, de JOVD, is tsjin in ferbod op gniisgas. Dat yn tsjinstelling ta de memmepartij dy't krekt foar in ferbod is yn de hoareka. Op dit stuit lit de gemeente Ljouwert op inisjatyf fan dyselde VVD ûndersykje oft sa'n ferbod wol mooglik is. Yn de ried liket dêr in mearderheid foar te wêzen.

Foto: Omrop Fryslân, Willem de Vries

Yn in hoarekagelegenheid diskusjearre tiisdei de pleatslike VVD mei de eigen jongerein fan de JOVD. Neffens De JOVD-Fryslân-foarsitter Diana Al-Sarayfi is foarljochting wol wichtich, omdat in protte jongeren net krekt witte wat de gefaren binne fan gniisgas, mar past it ferbieden dêrfan net by it liberale tinken fan de VVD.

Neffens Petra van der Sloot fan de VVD liket it somtiden wol de normaalste saak fan de wrâld om gniisgas te brûken, mar dat is it net en dat moat it ek net wurde, sa sei se tiisdeitejûn. Dêr't de JOVD fynt dat der by normaal brûken gjin risiko's binne, sa stelt de VVD dat der wol in protte ûngemakken mei barre. Yn guon oare gemeenten is gniisgas yntusken al ferbean. De VVD hopet dat dat ek yn Ljouwert barre sil.

Trefwurden: 
VVD lachgas gniisgas JOVD
(advertinsje)
(advertinsje)