Fryslân wol graach ynternasjonale bedriuwen lûke

De provinsje besiket ynternasjonale bedriuwen op it mêd fan wettertechnology en agrifood nei Fryslân ta te heljen. Under de flagge fan Top Dutch wurde bedriuwen op social media benadere en mooglik dêrnei op beurzen besocht. Top Dutch is in gearwurking tusken de trije noardlike provinsjes, it ûnderwiis, gemeenten en ûndernimmers.
TopDutch wie derop rjochte om Tesla nei Noard-Nederlân te heljen © ANP
Earder woene Fryslân, Grinslân en Drinte mei in Top Dutch-kampanje it Europeeske fabryk fan Tesla nei Noard-Nederlân ta heljen. Dat slagget net, want it Tesla-fabryk giet nei Dútslân, sa waard tiisdeitejûn bekend.
De trije noardlike provinsjes hawwe allegearre 400.000 euro yn Top Dutch stutsen. Deputearre Sander de Rouwe is optimistysk oer de nije kampanje dy't krekt in wike oan de gong is. Al acht bedriuwen hawwe oanjûn serieuze belangstelling te hawwen har yn it noarden te fêstigjen.