WoonFriesland makket nochris 55 huzen Skiermûntseach enerzjysuniger

12 nov 2019 - 22:26

Wenningkorporaasje WoonFriesland makket nochris 55 huzen op Skiermûntseach enerzjysuniger. Earder die de wenningkorporaasje dat al mei 41 wenten op it eilân.

Skiermûntseach - Foto: Omrop Fryslân, Ronald van der Pol

WoonFriesland lûkt 2 miljoen euro út foar de enerzjybesparjende maatregels. It wurk bestiet ûnder mear út it lizzen fan sinnepanielen op de dakken fan de huzen. Ek wurde de badkeamers, de keuken en it húske ferfongen yn de huzen fan fyftjin strjitten.

By in grut part fan de wenten pleatst WoonFriesland better isolearjend glês. Dêrnjonken krije de huzen ek in reekmelder en in nije meterkast en wurde houtrot en âld foechwurk wer makke. WoonFriesland hat in ynformaasjepunt ynrjochte oan de Burgemeester van den Bergstraat, sadat hierders dêr mei fragen terjochte kinne. It wurk is al begûn en duorret oant april takom jier.

(advertinsje)
(advertinsje)