IM wol goed 111.000 euro werom hawwe fan ponghâlder supportersklup Cambuur
It Iepenbier Ministearje wol 111.628 euro werom hawwe fan de eardere ponghâlder fan de supportersferiening fan SC Cambuur. De âld-ponghâlder, in 70-jierrige ynwenner fan Hurdegaryp, waard begjin ferbewaris feroardiele ta in wurkstraf fan 220 oeren en in selstraf fan twa moannen ûnder betingst.
De rjochter stelde dat der genôch bewiis is dat de Hurdegarypster as twadde ponghâlder tusken 2010 en 2016 tûzenen euro's achteroerdrukt hat. Dat kaam oan it ljocht doe't de man op fakânsje wie. Doe wienen de ynkomsten fan de kiosken yn it Cambuurstadion ynienen in stik heger as gewoanwei. De Hurdegarypster wie ferantwurdlik foar it opheljen fan de hoareka-ynkomsten.
Laminaat en ûnder oare wytguod
Fan it jild soe de man ûnder oare in laminaatflier, wytguod en elektryske fytsen kocht hawwe. De supportersferiening hie in claim yntsjinne fan 90.000 euro. De rjochter oardiele dat de man 27.000 euro werombetelje moat.
It Iepenbier Ministearje komt nei ûndersyk út op in folle heger bedrach. De Hurdegarypster soe oardel ton fuort slûsd hawwe. It bedrach dat it IM werom hawwe wol is no nei 111.000 euro bysteld, sa waard dúdlik by de behanneling fan de saneamde 'Plukze'-foardering.
De saak koe noch net ynhâldlik behannele wurde. Der moatte noch in tal tsjûgen heard wurde. It giet dan ûnder oare om de hjoeddeiske ponghâlder fan de supportersferiening en de kantinebehearder fan SC Cambuur.