Opsterlân wol yn 2035 enerzjyneutraal wêze: gasfrij mei sinnepanielen

12 nov 2019 - 22:12

De gemeente Opsterlân moat yn 2035 enerzjyneutraal wêze. Doarpen moatte gasfrij makke wurde en op dakken fan huzen moatte sinnepanielen komme. Dat stiet yn twa plannen dy't no oan de gemeenteried foarlein wurde.

Griene enerzy - Foto: Shutterstock.com

It giet om maatregels dy't helpe om mear duorsume enerzjy op te wekken, mar benammen ek om te besparjen. De gemeente Opsterlân wol dêr sels it foartou yn nimme. It doel fan wethâlder Rob Jonkman is dat der by de gemeentlike gebouwen likefolle enerzjy makke wurdt as dat der brûkt wurdt.

Ynwenners moatte meitinke

Om doarpen fan it gas ôf te krijen moat sjoen wurde nei goede alternativen socht. Om't dat yngripende maatregels binne, wol de gemeente dat dwaan yn oparbeidzjen mei de doarpen sels. Om genôch enerzjy op te wekjen, moatte sinnepanielen lein wurde. De foarkar is om dy safolle mooglik op dakken te pleatsen. Dochs ûntkomt Opsterlân net oan de oanlis fan sinneparken, sa stiet yn de plannen. Foar it opstellen fan plannen wurdt ek hjir frege om ynbring fan ynwenners.

(advertinsje)
(advertinsje)