Oranjefroulju winne ek sechde kwalifikaasjewedstriid foar EK

De Nederlânske fuotbalfroulju hawwe opnij in kwalifikaasjewedstriid foar it Europeesk kampioenskip wûn. Se fersloegen Slovenië mei 4-1. Sherida Spitse fan Snits makke twa doelpunten.
© Orange Pictures
De Oranjeliuwinnen kamen nei in heal oere op efterstân, mar Sherida Spitse soarge mei in rake strafskop in pear minuten letter al wer foar de lykmakker. Nei it skoft werhelle Spitse dat keunstje. Troch twa goals fan Vivianne Miedema, dy't jierren foar SC Hearrenfean spile, waard it úteinlik 4-1.
It wiene de achtste en njoggende goals foar Spitse yn de kwalifikaasjeronde. Foarige wike skoarde se tsjin Turkije ek al twa kear.

Pûl

De Oranjefroulju stean nei seis wedstriden met 18 punten boppe-oan yn de pûl. De Oranjeliuwinnen hawwe noch fjouwer wedstriden te gean, tsjin Estlân, Ruslân en Kosovo (twa kear). Dy wedstriden begjinne yn april takom jier.