Nije bands Into the Grave 2020 bekend

12 nov 2019 - 21:11

It metalfestival Into the Grave yn Ljouwert hat trije nije bands fêstlein. It giet om M.O.D, Destruction en Exhorder. De band spylje neffens de organisaasje 'old school thrash metal'.

Foto: Into the Grave 2020

It festival wurdt op 7, 8 en 9 augustus hâlden op it Aldehoustertsjerkhôf yn Ljouwert. De trije nij kontraktearre bands sille op de freed spylje.

(advertinsje)
(advertinsje)