Wat moat der mei de hjoeddeistige Cambuurlokaasje barre?

Yn Ljouwert is úteinset mei de ôftraap foar it oanpakken fan de Cambuurlokaasje. De gemeente wol úteinsette mei it opheljen fan it DNA fan de buert. De oanpak fan it gebiet tusken de Insulindestrjitte en de Coopmansstrjitte hat nammentlik hiel wat gefolgen foar de omwenners.
Oftraap untwikkeling Cambuurlokaasje
De gemeente Ljouwert wol safolle mooglik it gebiet behâlde. Dat is in opjefte, want de grutste blikfanger, it Cambuurstadion, is dan fuort. "We gaan proberen om zoveel mogelijk de verhalen van de mensen uit de wijk te bundelen," seit wethâlder Hein de Haan.

Wat is it DNA fan de wyk?

De gemeente wol mei alle oanbelangjenden it nije gebiet ynrjochtsje. It projekt 'Nieuw Oud Oost' is ferdield yn ferskate perioaden, om't it lang duorret. Yn de earste perioade giet de gemeente op syk nei it DNA fan de wyk. Wat hawwe minsken mei de wyk en wat fine sy wichtich dat bliuwt? As dizze fragen beäntwurde wurde, bliuwt dat Cambuur-gefoel, tinkt De Haan. "We gaan de komende week letterlijk door de wijk wandelen en in gesprek met mensen. Wat is jullie mooiste herinnering aan deze wijk en hoe denk jij dat we die kunnen behouden?"
'Oud Oost, Samen naar een nieuwe (Cam)buurt!' © Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort
De earste kuiertocht smyt al rap nije ideeën op. "Het mooiste aandenken voor mij zijn toch wel echt de lichtmasten," stelt foarsitter van de Kern van Cambuur Kees Elzinga. Hy is ek by de kuiertocht oanwêzich om syn fyzje op it nije gebiet te jaan. "Dus bij de nieuwe indeling lijkt het me leuk om de mast te laten staan. Dat je elke keer toch weer een beetje thuis komt als je de mast ziet staan."
Minsken hoege net mei te kuierjen, se kinne de ideeën ek online opstjoere. Op de webside fan de gemeente kin elkenien syn fyzje foar it nije gebiet ynstjoere. Op 10 desimber nûget de gemeente de ynwenners fan it Cambuurgebiet op om yn petear te gean.
Ferslachjouwer Willem Vermeltfoort kuiere in stikje mei