Sjassy trekker brekt by botsing mei auto by Haskerdiken

12 nov 2019 - 19:39

Oan de Ryksstrjitwei by Haskerdiken is tiisdeitemiddei in ûngelok tusken in trekker en in persoanewein bard. De bestjoerder fan de auto is troch helptsjinsten út de auto befrijd.

Foto: CAMJO media / Jaring Rispens

It sjassy fan de trekker is troch it ûngelok brutsen. De auto hat ek in soad skea oprûn. De bestjoerder fan de auto soe ferwûne rekke wêze, de bestjoerder fan de trekker kaam mei de skrik frij.

It is noch net bekend hoe't it ûngelok barre koe. De plysje docht dêr ûndersyk nei.

Trefwurden: 
ûngelok Haskerdiken
(advertinsje)
(advertinsje)