Stiennen prate by ferhalejûn op bordes fan Natuurmuseum

12 nov 2019 - 18:15

It Natuurmuseum Fryslân leit by de ferhalejûn freed de fossilen bûten op it bordes. Konservator Peter Koomen fertelt dan op it bordes oer dy fossilen, dy't gewoanwei yn it museum lizze.

Natuurmuseum Fryslân - Foto: ANP

De ferhalejûn is in ferfolch op it iepeningswykein fan LF2018. Dit jier is it tema 'Als stenen konden spreken'. Dêrmei kin it Natuurmuseum goed út de fuotten, sizze se. De stiennen fan it bordes fan it Natuurmuseum prate sûnder wurden, neffens Koomen. "Ze tonen ons fossielen die vertellen over het leven in zee van honderden miljoenen jaren geleden."

Stoepfossyl - Foto: Natuurmuseum Fryslân

De measte stiennen binne allinnich as trochsneed te sjen. Mei help fan de konservator kinne minsken in idee krije oer hoe't de bisten der eartiids útseagen.

Op de ferhalejûn docht Koomen in pear kear syn ferhaal fan fyftjin minuten. Dat is dus bûten op it bordes. Allinnich by min waar ferhuzet it programma nei de hal fan it museum.

Omrop Fryslân stiet dizze wike wiidweidich stil by de ferhalejûn fan no freed 15 novimber. Ferline jier wie dit ien fan de ûnderdielen fan de iepening fan it kulturele haadstêdjier en it krijt no in ferfolch. Op mear as hûndert plakken rûnom yn de provinsje wurde der ferhalen ferteld: by minsken thús, by bedriuwen, yn 'e hoareka en yn musea.

(advertinsje)
(advertinsje)