"Fúzje tusken De Harmonie en Neushoorn smyt neat op"

12 nov 2019 - 17:30

In fúzje tusken skouboarch De Harmonie en popsintrum Neushoorn soe finansjeel gjin foardiel opsmite. Beide ynstellingen hawwe noch pittige finansjele útdagingen. Ek soe in fúzje net goed wêze foar de besikers. Dat skriuwt advysburo KplusV yn opdracht fan it kolleezje fan boargemaster en wethâlders. De ried hie om it ûndersyk frege.

Neffens KplusV krije beide ynstellingen net oermjittich subsydzje. Boppedat wurkje beide organisaasjes effisjint en is der gjin romte foar ekstra besparringen of ekstra fertsjinsten. Op it stuit wurkje Neushoorn en De Harmonie al gear. Neffens KplusV kin dat yn de takomst fierder útwreide wurde, bygelyks mei de kaartferkeap.

Kritysk sjen nei programma Zalen Schaaf

De finansjele posysje fan Neushoorn wurdt wol ûnder druk set troch Sealen Schaaf, skriuwt it advysburo. Popsintrum Neushoorn is oanwiisd as kearnfoarsjenning op it mêd fan popkultuer. Fan de gemeente Ljouwert mei dan ek ferwachte wurde dat se dêrnei hannelje. Der moat dus kritysker sjoen wurde nei it subsidiearjen fan produsinten dy't programmearje yn Zalen Schaaf. De betingsten yn Schaaf binne folle geunstiger fanwege de legere kosten.

Wethâlder Sjoerd Feitsma: "Yn it rapport stiet dat in diel fan de programmearring yn Sealen Schaaf konkurrearjend is mei Neushoorn. Mar oan de oare kant sizze de ûndersikers ek dat in stêd yn de omfang fan Ljouwert mei de regio derby wol oer ferskate poadia beskikke kinne moat."

As de opdracht foar popsintrum Neushoorn net oanpast wurdt dan is de takomst foar de ynstelling ûnwis. Neffens it advysburo ferliest Neushoorn dan syn besteansrjocht. It kolleezje fan Ljouwert besjocht no watfoar maatregels nedich binne om it fuortbestean fan it popsintrum te garandearjen.

Neushoorn yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Neushoorn en De Harmonie wolle ekstra jild

Yn in reaksje stelle de foarsitters fan Neushoorn en De Harmonie dat se posityf binne oer de útkomsten fan it ûndersyk. Beide ynstellingen wurkje al in soad gear en tinke dat dat yn de takomst noch better kin.

Se konstatearje wol dat der sprake is fan in ferskraling fan it oanbod. Om dat te kearen ha se ekstra jild nedich fan de gemeente.

Gjin ferrassing

Foar wethâlder Feitsma komt it nijs net as in ferrassing. Neushoorn hat oardel jier ferlyn al oanjûn by de gemeente dat it sa net klearkomt mei it jild. Foar 2019 en 2020 hawwe se ynsidinteel jild krige. Neushoorn soe it besteansjocht ferlieze as se net struktureel jild derby krije. De gemeente moat bot besunigje fanwege de tekoarten op it sosjaal domein. It Ryk hat in soad taken ôfskood nei de gemeenten.

Boargemaster en wethâlders sille no mei de ried om tafel om de konklúzjes en de oanbefellings fan it ûndersyk te bepraten. Se nimme de tiid om mei Neushoorn en De Harmonie te oerlizzen wat it bestjut foar harren. It ûndersyk giet oer it jier 2021 en fierder.

Wethâlder Sjoerd Feitsma

(advertinsje)
(advertinsje)