Opnij twa jier sel easke tsjin fertochten plofkreak De Lemmer

Der is opnij twa jier sel easke tsjin in 22-jierrige Lemster en in 27-jierige ynwenner fan Urk, dy't ferantwurdlik hâlden wurde foar in plofkreak op in pinautomaat by de Poiesz op 'e Lemmer. Dy plofkreak wie yn maaie 2017 en de twa soene der 130.000 euro by bútmakke hawwe.
De ravaazje nei de plofkreak © CAMJO Media
Yn april waard ek al twa jier sel easke tsjin de Lemster en Urker, mar de saak waard doe útsteld omdat der earst ûndersyk dien wurde moast nei in filmke op sosjale media. Dat moast bewize dat de twa op it momint fan de plofkreak net op 'e Lemmer wiene. Dat bewiis waard troch de plysje net fûn.
De twa manlju ûntkenne noch hieltyd wat mei de saak te krijen te hawwen. De útspraak tsjin harren is op 26 novimber.