Provinsje jout 100.000 euro oan Roze Zaterdag yn Ljouwert

12 nov 2019 - 16:42

Roze Zaterdag krijt 100.000 euro fan de provinsje Fryslân. Yn it wykein fan 19, 20 en 21 juny 2020 is Ljouwert it lanlike poadium foar Roze Zaterdag. Dat evenemint giet oer tolerânsje en ferskaat en wurdt alle jierren yn in oare Nederlânske stêd fierd.

Foto: Omrop Fryslân

Yn it wykein fan 20 juny binne de aktiviteiten rjochte op moeting, feestlikheid en sichtberens. Der wurde sa'n 30.000 besikers ferwachte. Oer hiel 2020 wurkje Tûmba en it COC gear mei alderhande partijen yn Fryslân: yn it ûnderwiis, by kulturele ynstellingen en ferskate eveneminten.

Past by doelen provinsjebestjoer

Deputearre Douwe Hoogland: "Dizze bydrage past goed binnen it prinsipe fan it bestjoersakkoart Lok op 1. Dêryn sizze we dat organisaasjes dy't yn 'e hiele provinsje wat delsette en bydrage oan ûnder oare fermindering fan diskriminaasje, projektsubsydzje oanfreegje kinne. Rôze Sneon is hjir in prachtich foarbyld fan."

Yn it programma fan Roze Zaterdag stean ûnder mear in ûkumenyske tsjinst en in ludike parade. Respekt, omgean mei yntolerânsje en ferskaat steane sintraal.

Roze Zaterdag ûntstie yn 1977 as in Nederlânske ferzje fan de Gay Pride Parade, ynearsten mei in demonstratyf karakter. Op 't heden is Roze Zaterdag in tema- en feestdei.

(advertinsje)
(advertinsje)