'500 boeren yn Súdwesthoeke dupe fan útwreiding natuergebiet Aldegeaster Brekken'

12 nov 2019 - 16:28

500 boeren en oare bedriuwen yn de Súdwesthoeke fan Fryslân krije neffens lânbou-organisaasje LTO Noard grutte problemen as minister Schouten ek in part fan it marregebiet ekstra beskerming jout. De minister wol nije beskermingsdoelen fêstlizze oer hûndert Natura 2000-gebieten.

De Aldegeaster Brekken by stoarm - Foto: Remco de Vries, Omrop Fryslân

De Aldegeaster Brekken soene in swierdere status krije en dat kin de Súdwesthoeke yn in stikstofkrisis stoarte, tinkt LTO. Yn dat gebiet hoege no noch gjin gebieten beskerme te wurden tsjin stikstof, mar as de minister ek trilfean en feanbosken op de list fan natuergebieten set, dan moat dat wol.

LTO Noard hat in brânbrief nei de minister stjoerd. Dêryn skriuwt de organisaasje dat der in 'gedegen afweging van belangen' wêze moat. De LTO tinkt ek dat de bouwurksumheden oan de Ofslútdyk gefaar oprinne troch de oanwizing.

"We fine dat der allinnich in ekologyske ôfwaging makke wurdt, mar gjin ekonomyske ôfwaging", seit Peet Sterkenburgh fan LTO Noard.

Peet Sterkenburgh fan LTO Noard

Deputearre: it Ryk giet deroer

500 boeren liket deputearre Johannes Kramer "wat stûf, mar it soe kinne". Hy seit dat de provinsje yn dizze neat te sizzen hat, mar dat it foech by it Ryk leit. "Dy wiist Natura 2000-gebieten oan. Dêrby bepale se ek watfoar soarten beskerme wurde moatte, kwa bisten en planten."

Kramer fynt it goed dat boeren in brânbrief nei de minister stjoere. "Want ik kin my foarstelle dat de boeren eangst en argewaasje ha. De minister moat har hantekening noch sette."

Foar 1 desimber moat de provinsje mei mear stikstofmaatregels komme, al wol Kramer him net fêstbine oan dy deadline. "We geane de petearen oan. Beskerming fan de natuer is hiel wichtich, mar der is ek in ekonomysk belang. Dat komt no hurd tsjininoar oan. Dy diskusje moat op it lanlike nivo plakfine. Mar wat der ek gebeurt, de Fryske situaasje moat derby passe."

Deputearre Johannes Kramer

(advertinsje)
(advertinsje)