Boskwachter Vriesema mei pensjoen: "Bring boer en natuerbehearder byinoar"

12 nov 2019 - 16:10

Tusken lânbou- en grutte natuergebieten soene bettere oergongen komme moatte, sûnder dat dêrfoar lânbougrûn ta natuergebiet makke wurdt. Dat seit boskwachter Roel Vriesema. Hy hat dizze tiisdei syn lêste wurkdei by Staatsbosbeheer.

Yn dy funksje wie hy it publike gesicht fan de natuerbehearder, mar hie hy ek in soad oerlis mei belanghawwende partijen om en yn de natuergebieten. Yn de 20 jier tiid dat hy boskwachter west hat, is it net goed gien mei it bioferskaat yn de natuer.

Ien fan de oarsaken is de ferdrûging fan de feangreidegebieten troch lege wetterpeilen. Dêrtroch sakket de boaiem en wurdt it dreech om wetter fan in goeie kwaliteit yn de natuergebieten te hâlden.

Roel Vriesema op de skieding fan natuergebiet de Deelen en de lânbougrûn - Foto: Remco de Vries, Omrop Fryslân

Krekt dêr tinkt hy dat der winst te heljen is tichtby grutte natuergebieten yn gearwurking mei boeren. De lânbou liket nei in oare wize fan buorkjen ta te gean en dat kin in kâns opsmite foar gearwurking, tinkt Vriesema: "In boer is fan oarsprong in natuerbehearder en in natuerbehearder is wol wat in boer. En dat moet wol by elkoar te bringen wêze. Der wurdt no wolris wat in muorre oplutsen tusken beiden. En dat is net goed."

Natuerbehearder wurdt boekhâlder

Ek de besunigingen op de natuer wurde noch hieltyd field. Vriesema: "Ik ha wolris it idee de lêste jierren dat de natuerbehearder wol wat in boekhâlder wurdt; dat je mear dwaande binne mei de sinten as mei de natuer. En dat is net goed."

Al siket hy de oplossingen net yn in soad mear jild, mar benammen yn it nimmen fan de goeie maatregels. Vriesema: "Dêr wurdt al jierren oer praat en der wurdt sa'n bytsje dien."

(advertinsje)
(advertinsje)