Friezen yn Australië meitsje harren soargen om boskbrannen

12 nov 2019 - 15:48

Hurde wyn, hege temperatueren en in koarkdrûge grûn soargje foar in gefaarlike situaasje yn Australië. Yn it easten fan it lân is de needtastân útroppen fanwege grutte brannen dêr.

Boskbrannen yn de buert fan Sydney - Foto: ANP

Slimste moat noch komme

Fan de njoggentich grutte brannen yn de steat New South Wales binne fyftich noch net ûnder kontrôle. En de autoriteiten binne benaud dat it slimste noch komme moat. Ek de grutte stêd Sydney driget ynsletten te wurden troch de brannen. Noch nea wie de situaasje sa slim. Friezen om utens meitsje harren soargen om de situaasje en moatte miskien sels flechtsje foar de situaasje.

Fries om utens Jildou Boschma wennet mei har húshâlding yn Ocean Shores yn de steat New South Wales op twa oeren riden fan Brisbane. Se wennet sûnt tweintich jier yn Australië, mar hat noch net earder sa'n driigjende situaasje meimakke. Boschma sit tichteby in brân wêrtroch't se fannacht miskien har hûs út moat.

We hawwe de koffers al pakt, dus as we dochs evakueaarje moatte, dan kinne we sa fuortride.

Jildou Boschma

Koffers yn 'e gong

Dêrom stean de koffers al yn 'e gong. "We ha de koffers al pakt, dus as we dochs evakuearje moatte, dan kinne we sa fuortride. Mar hooplik komt it net sa fier", seit Jildou Boschma. Yn de koffers sitte wat klean, wichtige papieren lykas it troudokumint en de berte-aktes, en paspoarten. "Al it oare kin ferfongen wurde."

De ôfrûne dagen hong der al in soad reek yn de omkriten fan it plak dêr't Boschma wennet. "We hawwe goed it hiem opromme, blêden fuorthelle, de goatten leech, want it is hiel drûch by ús. Wy hawwe in hiele skoft gjin rein hân", seit Jildou Boschma.

Troch safolle mooglik guod op te romjen dat brâne kin, besykje de minsken de kâns op it oerslaan fan brannen lytser te meitsjen. Dat is it iennige dat se no dwaan kinne. As de wyn fannacht nei it noarden draait, is de kâns grut dat Boschma echt fuort moat. Yn dat gefal ride se nei it noarden ta. Op in oere riden wennet in freon dêr't se feilich ferbliuwe kinne.

Ekstreme situaasje

De hiele situaasje is neffens Boschma ekstreem: "We hawwe it hjir noch nea sa hân op dizze grutte skaal. It is hjir altyd grien, mar dat is no net mear sa. We meitsje ús echt soargen. We hawwe noch in hiele simmer te gean en elkenien praat deroer."

Der is gjin sintraal warskôgingssysteem wêrtroch't Boschma fannacht wekker bliuwt om de situaasje sels yn 'e gaten te hâlden: "Ik haw de tillefoan neist my, de ruten iepen. En ik hâld de telefyzje en de radio goed yn 'e gaten."

Reek yn Sydney

Annalotte Reitsma wennet yn Sydney. Se hat de brannen noch net fan tichteby sjoen, mar sit wol yn 'e reek. Fan har balkon ôf hat se in filmke makke fan de loft dêr.

Wol of gjin panyk

Atty Altenburg komt út Snits is au pair yn Laguna. Se wennet dêr middenyn in bosk dêr't de kâns op brân hiel grut is. Se is tiisdei fan Sydney nei Laguna reizge mei de trein en de auto. "It is gek om te sjen dat minsken der ferskillend mei omgean. Guon reitsje yn panyk en binne ûnderweis nei Sydney. Ik waard foar gek ferklearre dat ik werom gong nei myn Australyske famylje yn Laguna. Doe't ik hjir kaam, sieten se gesellich oan it swimbad in bierke te drinken. Se seine dat it hjir feilich is en as it net feilich wurdt, gean we fuortendaliks fuort."

(advertinsje)
(advertinsje)