Beyers Naudé set dosint op non-aktyf om relaasje mei learling

In dosint fan it kristelik gymnasium Beyers Naudé yn Ljouwert is op non-aktyf set. De direksje fan de skoalle skriuwt yn in brief oan de âlders dat der in oantal jierren lyn mooglik mear as "een louter professionele verhouding heeft plaatsgevonden tussen een docent en een leerling". Der wurdt no ûndersyk dien.
© Omrop Fryslân, Andries Bakker
Foarsitter Joost Visser fan it Kolleezje fan Bestjoer fan CVO Noard-Fryslân, de feriening foar kristlik ûnderwiis, wol net sizze oft it om in yntern of in strafrjochtlik ûndersyk giet. Hy hopet al dat it binnen in moanne klear is.
De learling sit net mear op it Beyers Naudé. De mooglike relaasje is koartlyn oan it ljocht kaam. Dêrop binne fuort maatregels naam. Yn de mail oan de âlders freget rektor Bernadette Pelgrum om begryp en weromhâldendheid.