HEA! De grûnfersetmasines fan Visser

12 nov 2019 - 15:30

Op de souder fan Pieter Visser yn Dokkum stiet in enoarme kolleksje miniatuer-graafmasines fan it merk Caterpillar. Visser krige se al as bern, doe't syn heit in bedriuw hie yn grûnferset. Sels is hy trochgien yn dit wurk, dêrfoar hat hy in soad yn Afrika west. Dêr lei hy mei syn graafmasines bygelyks plantaazjes oan. Visser is troch de jierren hinne suver fergroeid rekke mei dat kontinint.

(advertinsje)
(advertinsje)