Basispreemje De Friesland yn 2020 gelyk oan dy fan dit jier

12 nov 2019 - 15:13

De preemje foar de basisfersekering fan soarchfersekerder De Friesland bliuwt gelyk. Krekt as dit jier moat der foar de basisfersekering 125,45 euro yn de moanne betelle wurde. Neffens De Friesland is it mooglik om de preemje gelyk te hâlden troch reserves yn te setten.

Foto: Omrop Fryslân

Direkteur Steven Hofenk fan De Friesland seit oer it oansprekken fan de reserves: ''De Friesland zet al 5 jaar eigen vermogen in om premiestijgingen te dempen. Dit jaar gebruiken we hiervoor 17 miljoen. Dit is op jaarbasis ongeveer 36 euro per premiebetalende verzekerde die we gebruiken om de premie voor onze klanten betaalbaar te houden".

De preemje foar de oanfoljende fersekeringen wurdt op in letter tiidstip bekend makke.

Trefwurden: 
De Friesland preemje
(advertinsje)
(advertinsje)