Maksimumsnelheid op sneldiken nei 100 kilometer yn 'e oere

12 nov 2019 - 15:00

De maksimumsnelheid op alle sneldiken yn Nederlân wurdt 100 kilometer yn 'e oere. Op plakken dêr't no 130 de maksimumsnelheid is, mei dat tenei allinnich tusken 19.00 en 06.00 oere noch. It is de wichtichste stikstofmaatregel dy't it kabinet foar de koarte termyn nimt. Dat meldt de NOS.

Aanst mei 100 kilometer it oere oer de Ofslútdyk - Foto: ANP

Yn Fryslân mocht ferkear mei 130 kilometer yn 'e oere oer (dielen fan) de A6, A7, A31 en A32.

De koälysje hat tiisdei in akkoart berikt oer stikstofmaatregels dy't derta liede moatte dat de bou op koarte termyn wer oan de slach kin. In protte bouprojekten lizze op it stuit stil troch de stikstofkrisis of driigje stil te fallen.

It kabinet wurket de plannen tiisdei fierder út en presintearret se dan woansdeitemoarn, seit premier Mark Rutte. Wat de maatregels presys binne, wol er net sizze.

Hûzen bouwe

It ferleegjen fan de maksimumsnelheid soe derfoar soargje dat it kabinet de ambysje wiermeitsje kin om takom jier sa'n 75.000 hûzen te bouwen.

Fierders binne der nei alle gedachten ôfspraken makke oer ensymryk feefretten, wêrtroch't kij minder ammoniak útstjitte. Rutte seit dat de plannen foar de koarte termyn binne. Nei dit pakket moat der noch hieltyd in soad gebeure, neffens de premier.

Minder stikstof yn natuergebieten

Kommende moanne komt der in plan dat de delslach fan stikstof yn Natura 2000-gebieten ferleegje moat. Dat giet dan bygelyks oer it útkeapjen fan boeren dy't ophâlde wolle mei harren bedriuw.

(advertinsje)
(advertinsje)