Berging guod kontenerramp hâldt hast op

De berging fan de kontenertroep fan de MSC Zoe út de Noardsee is sa goed as dien. Alteast, fan de bekende lokaasjes dêr't noch guod lei. Dat seit minister Cora van Nieuwenhuizen tsjin de Twadde Keamer. It kontenerskip ferlear begjin dit jier 342 konteners boppe de Waadeilannen.
© Omrop Fryslân, Remco de Vries
Der lizze noch wol dielen fan twa konteners ûnder it sân fan it Rif; de sânplaat tusken Skiermûntseach en It Amelân. De ynhâld dêrfan is al earder fuort helle, seit wurdfierder Anne van der Meer fan Rykswettersteat.
Reder MSC moast noch by 34 lokaasjes yn de Noardsee del dêr't mooglik noch kontenerresten lizze soenen. Dat hawwe sy no dien en yn fyftjin gefallen lei der noch guod fan de MSC Zoe. Dat is no opromme en ôffierd.
Dêrmei is alles noch net dien, want der is noch hieltyd gjin akkoart oer de skea-ôfhanneling. De minister hat de Waadeilannen oanbean harren claims alfêst te beteljen wylst der fierder ûnderhannele wurdt.
© Omrop Fryslân, Remco de Vries
Yn de oerienkomst sa't it ministearje fan Ynfrastruktuer en Wettersteat dat sjocht, moatte fierder ôfspraken stean oer de berging fan guod dat der no noch leit en wat der letter oanspiele kin. Ek soe de reder meibetelje moatte oan it ûndersyk nei de ekologyske effekten en mooglike werstelmaatregels.
Der leit no ek in literatuerstúdzje nei maatregels om konteners better te folgjen as sy oerboard slaan; it saneamde chippen. Op basis fan dat TNO-ûndersyk seit minister Van Nieuwenhuizen dat der fierder ûndersyk nedich is. Sy giet dêroer yn oerlis mei de sektor. Dat jildt ek foar ladinglisten mei mear details.