Fertochte fan moard op Sineeske hierbaas yn Ljouwert bliuwt langer fêst

12 nov 2019 - 14:05

De 26-jierrige Sinees dy't fertocht wurdt fan de moard op syn 73-jierrige hierbaas oan de Gerbrandywei yn Ljouwert bliuwt langer fêst sitten. Dat hat de rjochtbank fan Ljouwert tiisdei bepaald. De fertochte, dy't ûntkent, wie sels net by de sitting.

Foto: Anton Kappers

Op 7 febrewaris is der wer in sitting, mar de ferwachting is dat de saak dan noch hieltyd net ynhâldlik behannele wurde kin. De man wurdt derfan fertocht dat er op 1 of 2 july syn hierbaas mei geweld om it libben brocht hat. Nei't it slachtoffer in pear wiken net sinjalearre wie, gong de plysje it hûs yn. Under in steapel klean yn de sliepkeamer fûnen se it stoflik omskot fan de ferhierder.

Skedel brutsen en knarsbien strôt stikken

Dy hie syn skedel op ferskate plakken brutsen en it knarsbien yn de strôt wie ek stikken. Neffens de offisier fan justysje is de man yn de wenkeamer om it libben brocht.

In oare ferhierder hat ferklearre dat er yn de moarntiid fan 2 july in flinke rûzje heard hat. Hy hie de ferhierder de dei dêrfoar foar it lêst sjoen. Dêrnei wie de fertochte konstant oan it skjinmeitsjen. De plysje hat ûntdutsen dat de fertochte foar en nei it fermoedlike tiidstip fan de moard skjinmakmiddels kocht hat.

Foto: Kappers Media

Krekt nei de moard hie de fertochte beskikking oer 5.000 euro en kocht er lúkse spullen. Dêrfoar wie er noch earm, seit de offisier fan justysje. Op in shirt fan it slachtoffer en de klean dêr't er ûnder lei, is DNA fan de fertochte fûn. Itselde jildt foar in prop tape en in mof dy't mooglik brûkt is om it hûs skjin te meitsjen.

De fertochte waard op 30 july oanholden, in lytse twa wiken nei't it slachtoffer fûn waard. Op 5 july hie de fertochte in keamer nommen yn it Ljouwerter hotel 't Anker. Hy wurdt noch psychologysk ûndersocht. Earder hat de man studearre oan de hegeskoalle NHL Stenden, mar op it momint fan de moard wie er yllegaal yn Nederlân.

Trefwurden: 
Ljouwert deade Gerbrandywei
(advertinsje)
(advertinsje)