Liander pleatst tûke enerzjymeters yn De Fryske Marren

12 nov 2019 - 13:47

Netbehearder Liander is úteinset mei it pleatsen fan nije enerzjymeters by húshâldingen en lytse bedriuwen yn gemeente De Fryske Marren. De hjoeddeiske meters foar elektrisiteit en gas wurde ferfongen troch 'tûke enerzjymeters.' De nije meters wurde as earste pleatst yn Balk, De Lemmer, Rûgehuzen, Sondel, Nijemardum, Aldemardum, Harich en Riis.

Liander - Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

Nije enerzjymeters binne wichtich om't der hieltyd mear minsken binne dy't mei bygelyks sinnepanielen stroom opwekke foar harren sels en foar weromleverjen oan it enerzjynet. Ek kinne steuringen mei de nije meters better opspoard wurde. Dêrom is it neffens Liander in wichtige stap om de elektrisiteitsnetten klear te meitsjen foar de takomst.

It pleatsen fan de nije meters kostet de ynwenners neat. Wa't it no net wol en letter noch, moat dan wol in fergoeding betelje foar it pleatsen. De nije meters wurde noch net daalks yn de hiele gemeente pleatst, mar as earste yn acht postkoadegebieten. It wurk wurdt útfierd troch GEAS.

(advertinsje)
(advertinsje)