Wer spoeddebat oer hegere noarm PFAS yn Tytsjerksteradiel

12 nov 2019 - 13:46

Yn Tytsjerksteradiel is takom tongersdei op 'e nij in spoeddebat oer de PFAS-problematyk. It debat is wer oanfrege troch Nynke Koopmans fan De Partij voor de Boeren yn Tytsjerksteradiel en seis oere riedsleden fan VVD, GrienLinks en D66.

Gemeente Tytsjerksteradiel - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

PFAS is in groep mei 6.000 gemyske stoffen dy't fan natuere net foarkomme yn it miljeu. De reden dat der no wer in spoeddebat oanfrege wurdt is neffens Koopmans dat ferskate gemeenten yn Nederlân de kar makke ha om tydlik in hegere noarm ta te stean as de 0,1 mikrogram. Dat wie foarige wike by it earste spoeddebat noch net it gefal.

De inisjatyfnimmers fan it spoeddebat ferwachtsje tsientallen ûntslachoanfragen yn de gemeente at der neat gebeurt.

Ferline wike gjin akkoart oer hegere noarm

Foarige wike wie de ynset by it spoeddebat om de grinswearden PFAS yn de grûn te ferheegjen fan 0,1 mikrogram de kilo nei 1,0 mikrogram, mar dêr woene de oare partijen net oan. Se fûnen it risiko grut dat de gemeente Tytsjerksteradiel it ôffierputsje wurde sil, omdat omlizzende gemeenten de grinswearden net ferheegje.

(advertinsje)
(advertinsje)