Stiennen fertelle: it ferhaal fan in lêste rêstplak

12 nov 2019 - 12:53

Hoe't in namme op in tinkstien fan de Earste Wrâldoarloch derta laat hat dat in widdo har ferstoarne man in lêste rêstplak jout. Dat is it ferhaal fan Giny Bastiaans fan it buorskip Lytse Geast, en dat fertelt se kommende freed op de ferhalejûn.

De urn mei jiske noch ien kear yn de tún - Foto: Ronnie Porte

Giny Bastiaans bewarre de urn mei jiske fan har man oant no ta yn in kast yn de keamer. Alle simmers sette se de urn yn de tún ûnder it ôfdakje: it favorite sitplak fan har man Johan, dy't fjouwer lyn ferstoar op Keningsdei. Sy wist net krekt wat se dwaan moast om har man it lêste plak te jaan.

Yntusken hie har Ingelske skoansoan by it slachfjild fan de Earste Wrâldoarloch oan de Somme west. Hy wist dat syn oerpake dêr omkommen wie. Yn ien eachopslach seach er doe de namme fan syn oerpake stean op in tinkstien mei 72.000 nammen. James Purcy Cupid. Troch dy namme yn stien kaam dy persoan werom yn de famylje.

Stiennen fertelle wat

"Doe wist ik: stiennen kinne wat fertelle. Ik siet dermei: hoe gean ik om mei de urn fan myn man? Dy namme yn de stien brocht it ferhaal oer in minske yn de famylje. Ik bring in ferhaal oer myn man en ik wol de namme fan myn man fêstlizze yn in stien. Dat de stien it ferhaal fertelt fan de man dy't ik leafhie."

It ferhaal fan Giny Bastiaans fan Lytse Geast

Omrop Fryslân stiet dizze wike wiidweidich stil by de ferhalejûn fan no freed 15 novimber. Ferline jier wie dit ien fan de ûnderdielen fan de iepening fan it kulturele haadstêdjier en it krijt no in ferfolch. Op mear as hûndert plakken rûnom yn de provinsje wurde der ferhalen ferteld: by minsken thús, by bedriuwen, yn 'e hoareka en yn musea.

(advertinsje)
(advertinsje)