Slagge 'operaasje': Foanejachtbrêge yn Wâldwei iepen fanwegen brêgetransport

It bart eins nea, allinne mei bysûndere transporten, mar nei wat opûnthâld wie it snein om healwei fjouweren safier: de Foanejachtbrêge yn de Wâldwei tusken Garyp en Warten gie iepen om't der in ponton mei in nije brêge foar de provinsje Noard-Hollân troch farre moast fan de noardkant nei de súdkant. Yn in kertier wie it beslikke en koe it ferkear wer oer de brêge ride.
© Omrop Fryslân, Aise van Beets
Krekt nei trijen wie der koart opûnthâld om't net alle slachbomen ticht gienen. Mar by de twadde kear gie it dus goed.
© Omrop Fryslân, Aise van Beets
De Kogerpolderbrug moat nei West-Graftdijk en is makke yn Sumar by Solidd-Steel. De brêge kin net oer de wei ferfierd wurde om't er te grut is. Dêrom is dêr it Prinses Margrietkanaal foar keazen.
Foanejachtbrêge © Rijkswaterstaat
It is ek unyk dat de iepening fan de Foanejachtbrêge middeis is. Eins wurdt dat, ás it al dien wurdt, allinne yn de nacht dien. Mar foar dit transport makket Rykswettersteat in útsûndering. Dat om't de spoarbrêge Grou oer it Prinses Margrietkanaal nei 17 novimber tydlik net betsjinne wurdt fanwegen ûnderhâld. Op dizze wize is der sa min mooglik hinder op it wetter fan de haadfarwei De Lemmer-Delfzijl.