Fjoerwapens en harddrugs fûn by hûssikingen helingssaak No Surrender-leden

12 nov 2019 - 20:24

By hûssikingen op fiif plakken hat de plysje fiif fjoerwapens en soft- en harddrugs yn beslach nommen. De sikingen hawwe te krijen mei de oanhâldingen fan trije manlju út Noardwâlde en Vledder. Sy wurde fertocht fan helen, wytwaskjen en lidmaatskip fan de ferbeane motorklup No Surrender.

De plysje naam ek auto's yn dy't stellen wiene:

"Naast de vuurwapens hebben we ook veel gestolen voertuigen in beslag genomen", fertelt Marjolein Wildeman fan de plysje Súdeast-Fryslân. "Het gaat om auto's, bestelbusjes, motoren, pick-ups en trailers."

Drugs en wapens

Neist fiif fjoerwapens binne ek fiif sabeare wapens, in boksbûgel en pepperspray yn beslach naam. Ek waarden twa kilo softdrugs, in partij harddrugs mooglik foar de hannel, mear as 35.000 euro oan jild en mear as tritich auto's en oar ridend spul ynnaam.

"De drie verdachten gaven de stelers opdracht om bestelbusjes te stelen. Dat gebeurde vooral in de omgeving van Arnhem en Amsterdam. Die busjes kregen ze weer onder zich, dat noemen we heling. Vervolgens brachten zij de gestolen voertuigen weer in de bovenwereld." Dat diene se nei't se de auto's út elkoar helle hiene.

Minsken fielden har yntimidearre

De trije manlju wiene dus lid fan de motorklup No Surrender, dy't ferbean is. "Daarvan weten we dat ze zich veelal bezig houden georganiseerde criminaliteit. Dat is ondermijnend en doet iets met het gevoel van de mensen. In Noordwolde voelden mensen zich geïntimeerd."

Wildeman slút net út dat der noch mear fertochten oanholden wurde. "Dat hangt ervan af hoe het onderzoek zich ontwikkelt." De fertochten wurde op 15 novimber foarlaat oan de rjochter-kommissaris.

Ferslachjouwer Auke Zeldenrust en Marjolein Wildeman, teamsjef plysje Súdeast-Fryslân

Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
(advertinsje)
(advertinsje)