Fryske stichting krijt 10.000 euro fan ANWB foar duofytsen

12 nov 2019 - 12:01

Stichting Sociaal Goud hat 10.000 euro krigen fan it ANWB Fonds, dat inisjativen stipet op it med fan mobiliteit en ferkearsfeiligens. Mei it jild wol de stichting út Ljouwert twa duofytsen keapje. Dy kinne brûkt wurde om âlderein dy't oars de doar net mear út komt, mei nei bûten te nimmen.

Duofyts - Foto: Wikimedia Commons

Stichting Sociaal Goud is aktyf yn de gemeenten Ljouwert, De Fryske Marren en Súdwest-Fryslân. "Veel ouderen in deze streek willen graag nog naar buiten, maar zijn slecht ter been geworden en bang op straat te vallen," seit direkteur Marleen Suurmeijer fan Sociaal Goud. "Wandelen is natuurlijk een optie, maar dan moeten ze altijd door iemand aan de arm worden genomen." Dêrom is de stichting tige wiis mei it jild.

It ANWB Fonds stelt foar eltse provinsje in bedrach beskikber. Eltsenien koe in stim útbringe op it projekt dêr't sy fan fûnen dat it jild nei ta moast. Yn totaal binne der oer hiel Nederlân 231 ynstjoeringen binnenkaam. ANWB-bûnsriedslid Sytse van der Wal hat de sjek oan de stichting oerlange yn Ljouwert.

(advertinsje)
(advertinsje)