Fytser yn Ljouwert ferwûne nei oanriding mei auto

By in oanriding yn Ljouwert is tiisdei oan de ein fan de moarn in man ferwûne rekke. Hy fytste oer it fytspaad lâns de Coopmansstraat, en op de krusing mei it Cambuurplein waard er oanriden.
© Kappers Media
Troch de oanriding foel de man en rekke er ferwûne. Personiel fan de ambulânse hat de man stabilisearre en him nei it sikehûs brocht.
It krúspunt hat in skoftke ticht west.