Vluchtelingenwerk Noord-Nederland besuniget: gjin krystpakket en minder oeren

12 nov 2019 - 11:12

Vluchtelingenwerk Noord-Nederland sil besunigje. Der komme hieltyd minder minsken dy't ynboargerje. Dat is foar Vluchtelingenwerk in probleem, want sy krije in fergoeding foar eltse persoan dy't begelieding krijt. Minder minsken dy't ynboargerje betsjut dus minder jild.

Te folle statushâlders krije gjin wenning - Foto: Omrop Fryslân, Evert van den Berg

Direkteur Martin van Iperen hat in brief oan de meiwurkers stjoerd, meldt RTV Drenthe. Dêryn stiet dat der wat gebeure moat: "We moeten keuzes met elkaar maken waarmee we bezuinigen en waarin we investeren, zodat we stapsgewijs naar een gezonde bedrijfsvoering toewerken. Dat is een flinke opgave." Hoe grut de tekoarten fan Vluchtelingenwerk Noord-Nederland krekt binne, is net bekend.

Minder jild

Frijwilligers fan Vluchtelingenwerk helpe asylsikers mei in ferbliuwsfergunning mei it ynboargerjen, de taal en it finen fan wurk. It ministearje jout dêrfoar in fergoeding en ek de Postcodeloterij betellet mei. Foar elke statushâlder dy't se begeliede krijt Vluchtelingenwerk ek jild fan de gemeente.

Mar no krije hieltyd minder statushâlders in hûs yn in gemeente yn Noard-Nederlân, neffens de stichting. Fanwegen it wenningtekoart bliuwe minsken no faker hingjen yn asylsikerssintra.

Gjin krystpakket

Yn de brief oan it personiel skriuwt Van Iperen dat der wat besunigingen op steapel steane. "Met 25 euro per medewerker is ons jaarlijkse kerstpakket een flinke kostenpost. Dit jaar hebben wij besloten om het kerstpakket niet door te laten gaan. Ook de nieuwjaarsreceptie (voor betaalde medewerkers) zal niet doorgaan. Daarnaast besparen we flink op vergaderkosten door deze op eigen locatie te laten plaatsvinden en kijken we binnen de formatie waar we kunnen bezuinigen."

Oar wurk of oeren ynleverje

Der is minder wurk, en dus binne der ek minder minsken nedich: "Eerst wordt er bezuinigd in de tijdelijke krachten, maar we vragen vast personeel ook om vrijwillig te zoeken naar een andere baan of uren in te leveren." Dêr wurdt posityf op reagearre, seit Van Iperen. "We gaan niet uit van ontslag, maar in het ergste geval moeten we nadenken over gedeeltelijk ontslag", skriuwt de direkteur.

Oare oplossingen

Foar minsken dy't der noch binne om yn te boargerjen, moat no in oplossing fûn wurde. "Soms zijn de groepen te klein om ze op één locatie te houden", seit Van Iperen tsjin Omrop Fryslân. "Het openbaar vervoer in de provincie is ook niet goed genoeg om twee groepen uit kleinere dorpen te combineren. We kijken op een creatieve manier naar oplossingen. soms heel onconventioneel voor ons. Zo kijken we bijvoorbeeld naar ROC's. Als zij een halve groep hebben en wij ook, dan kunnen we de groepen mogelijk met elkaar verbinden. Mijn mailbox puilt al uit met suggesties van vrijwilligers over hoe we kunnen bezuinigen."

Oft der ek lokaasjes fan Vluchtelingenwerk Noord-Nederland út Fryslân ferdwine, kin Van Iperen noch net sizze.

Direkteur Martin van Iperen fan Vluchtelingenwerk Noord-Nederland

(advertinsje)
(advertinsje)