Steatsboskbehear oan it wurk mei de bosk by Duerswâldmer Heide

12 nov 2019 - 11:00

Steatsboskbehear begjint ynkoarten mei it úttinjen en ferjongjen fan boskfakken oan de eastkant fan de Duerswâldmer Heide, it natuergebiet tusken Wynjewâld en Waskemar. De wurksumheden moatte de bosk wer takomstbestindich hâlde. Troch it wurk kinne ferskate paden in skoft minder tagonklik wêze.

Duerswâldmer Heide - Foto: Wikimedia Commons

Troch it úttinjen krije oare beammen mear romte om fierder te groeien. Der wurde dus beammen tuskenút helle. Mei ferjongjen wurdt der op iepen plakken nij bosk makke. Dat wurdt dien om de bosk mear mingd te meitsjen, sa't der mear bioferskaat komt en der wer oare ynsekten oanlutsen wurde.

Steatsboskbehear jout oan soarchfâldich sjoen te hawwen nei hokker beammen krekt om kinne en oft der op plakken ek beskerme plant- en bistesoarten oanwêzich binne.

(advertinsje)
(advertinsje)