Shorttracker Brunsmann mist Aziatyske wrâldbekers

Shorttracker Jasper Brunsmann mist de kommende wrâldbekerwedstriden yn Japan en Sina. De shorttracker fan Toppenhuzen rekke dit wykein blessearre oan syn knibbel. Hoe slim as de blessuere krekt is, moatte ûndersiken yn it sikehûs dizze wike útwize.
Jasper Brunsmann © Orange Pictures
Brunsmann die it ôfrûne wykein mei oan in KNSB Cup yn Utrecht. De oare riders fan de nasjonale seleksje sieten yn Kanada foar de twadde wrâldbekerwedstriid, mar dêr waard Brunsmann net foar oproppen. De earste, in wike earder yn Salt Lake City, hie hy noch wol meidien.
Op it iis fan Utrecht gie it mis op de 1.000 meter. By in fal fan Sven Roes waard Brunsmann, dy't krekt dwaande wie oan in ynhelaksje bûtenom, meinommen de kessens yn. Doe wie fuortendaliks dúdlik dat it om in slimme blessuere gie, wêrnei't Brunsmann nei it sikehûs ta brocht is.