Auto yn it wetter en twa ferwûnen nei oanriding Aldeboarn

Twa minsken binne tiisdei ferwûne rekke nei in oanriding op de Beetsterdyk by Aldeboarn. Dêrby binne twa auto's belutsen: de ien bedarre op de kop yn de sleat, de oar yn de berm.
© ProNews
De earste moast útwike foar in oare auto, mar rekke dêrby in tsijnlizzer. Nei in hurde klap fleach de auto oer de kop.
It ambulânsepersoniel hat de twa bestjoerders nei it sikehûs brocht. Hoe't it krekt mei se is, is net bekend.