Noed oer feilichheid fan krusing N357 mei Doniawei by Hallum

De FNP makket him soargen oer de oanpak fan in krusing by Hallum. It giet om de krusing fan de N357 mei de Doniawei. Der giet in soad swier ferkear oer de krusing nei it yndustryterrein yn de buert. Neffens de FNP fine in soad Hallumers it krúspunt ûnfeilich.
De krusing fan de N357 mei de Doniawei by Hallum © Google Street View
Earder hat de ferantwurdlik deputearre neffens de partij tasein dat der wurke wurdt oan in oplossing, mar dat dêrfoar noch wol jild socht wurde moast. De FNP wol no witte hoe't it mei dy oplossing stiet en of it jild al fûn is.
It punt wurdt woansdei ynbrocht by de gearkomste fan Provinsjale Steaten oer de begrutting foar takom jier.