Kollum: "It lêste bolwurk: Foutje, bedankt!"

12 nov 2019 - 08:18

"Yn de jierren 90 fan de foarige iuw hiest in hiele populêre reklameslogan foar in fersekeringsmaatskippij. Dat kaam troch Rijk de Gooyer. Dy spile de oplichter Van Looij, dy't skea easket by syn agint. As dy reagearret mei: 'Dat is niet zo mooi, meneer Van Looij,' antwurdet Van Looij mei: 'Nee, da's zeker nie zo mooi, voor U! Ken 'k effe vange?' Mei't yn de rin fan it petear, faak troch fersprekkingen of oare stommiteiten, docht bliken dat de claim falsk is, ropt de oplichter Foutje, bedankt!

Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De toan fan Willem Schoorstra

Oant de dei fan hjoed wurdt Foutje, bedankt! noch hieltyd brûkt om in blunder oan te tsjutten, meastal ien mei in finansjeel neidiel. Ofrûne wike klonk dy slogan wer om't hurtsje. Lykas by dy piloat op Skiphol, dy't syn stazjêr sjen liet hoe'tst de koade foar in kaping yntikkest, sûnder dat er yn 'e gaten hie dat de apparatuer oan stie. Foutje, bedankt! Of it finansjele belied fan gemeente Dantumadiel: Foutje, bedankt! Om it mar net te hawwen oer de skiedsrjochter by Chelsea-Ajax of de flaters en leagens dy't yn de mynbourapporten blike te stean.

It is dat Rijk de Gooyer net mear libbet, oars hie er it treningspakje fan syn karakter Van Looij alfêst oanlûke kinnen yn ferbân mei it foarnimmen fan gemeente Noard-East Fryslân. Dy hat nammentlik it idee om in rinbrêge tusken parkeargaraazje it Panwurk en it Noarderbolwurk te realisearjen. Om de bou fan de brêge mooglik te meitsjen sil it bolwurk foar in part fernield wurde moatte.

De kosten fan de hiele operaasje wurde berekkene op sa'n fjouwer miljoen. It doel fan de rinbrêge is om de kuierrûte nei de binnenstêd te ferkoartsjen. No toarkje ik dêr sels gauris om, en ik kin befêstigje dat de beswiermakkers, dy't sizze dat de rûte mar sa'n hûndert meter koarter wurde sil, gelyk ha. Mei de kosten fan fjouwer miljoen komt dat del op 40.000,- de meter. De tiid dy't besparre wurdt om de stêd yn te kommen is 75 sekonden. Yn jild is dat 533,- de sekonde.

Om it net allinne oer jild te hawwen: hoe sit dat mei it skeinen fan Kultureel Erfgoed? Want sûnt 1994 hat de fêstingwâl de status fan monumint krigen fan de Rijksdienst voor het Cultureel Erfgoed. Blykber is de gemeente ree om dy geve fêstingwâl, dat monumint op twa plakken oan te taasten. De brêge dy't dêr komme moat hat ommers in Y-foarm yn de plannen. De poat fan de i-grec komt by de parkeargaraazje út, de beide earmen boarje ta it bolwurk yn.

No tinkt de gemeente dat de brêge wolris 90.000 oant 165.000 ekstra besikers yn de binnenstêd opsmite kin. Dy't foar 1 oant 3 miljoen ekstra omset soargje sille. Op de fraach wêr't dat op basearre wurdt kin de gemeente lykwols gjin antwurd jaan. Dus, 165.000 minsken dy't no by it Panwurk stean en tinke: ik soe de stêd yn wolle mar dy minút rinnen is my te fier, dinderje oer in pear jier hielendal bliid mei de tiidwinst earm Dokkum yn.

Mearkes bestean, en Noard-East Fryslân betinkt se. Hawar, it is te hoopjen dat de gemeente it ferstân foarop set yn dizze kwestje. Want oars wurdt it dochs echt Foutje, bedankt!"

(advertinsje)
(advertinsje)